Firefox 3 útbrocht

Voor alle vertalingen van Mozilla-software in de Friese taal.
Gebruikersavatar
moZes
Berichten: 1509
Lid geworden op: 30 Oktober 2003, 9:49
Locatie: Leeuwarden

Firefox 3 útbrocht

Berichtdoor moZes » 17 Juni 2008, 22:27

Fryske Firefox 3 útbrocht

De nijste ferzje fan de populêre ynternetbrowser Firefox is hjoed útbrocht. Wim Benes en Hindrik Sijens út Ljouwert hawwe wer soarge foar de Fryske oersetting.

Der is troch Mozilla hurd wurke om de feilichheid by it websneupen noch mear te fergrutsjen. Anti-phishing tsjin stellerij fan persoans- en bankgegevens is dêr ien fan. Troch de automatyske fernijings is elkenien wis fan beskerming tsjin spyware en oare gefaren fan it ynternet.

Firefox kin mei saneamde tafoegings, lytse programmaatsjes, mei ferskate funksjonaliteiten, útwreide wurde. Sa kin men de browser nei eigen idee ynstelle foar bygelyks de blêdwizers, RSS-lêzers en wurdboeken foar de staveringshifker.

Mei de ynboude sykmasinen, lykas dy fan Google, kinne daliks sykopdrachten jûn wurde. Nij dêrby is de sykmasine fan Marktplaats.

Yn de Fryske Firefox sit standert de RSS-feed mei it lêste nijs fan Omrop Fryslân. Dêrneist binne de (online) helpteksten folslein yn it Frysk.

De Fryske ferzje foar Windows, Linux en Mac OS X kin ynladen wurde fanôf:
http://www.mozilla.com/en-US/firefox/all.html

Terug naar “Friese vertalingen”